Driigjende fjochtpartij Flylân

30 jul 2009 - 11:33

Troch alle acht plysjes op it eilân yn te setten is op Flylân woansdei in grutte fjochtparij foarkommen. Dy drige út te brekken tusken twa groepen jongeren, dy't op camping Stortemelk stiene. De jeugd hie earder ek al spul hân, de plysje hie doe in 15-jierrige Ljouwerter oppakt. Neidat dy wer frijlitten wie drigen de twa groepen opnij slaande deilis te reitsjen.

Troch de ynset fan alle plysjes koe dat foarkaam wurde. De groep fan de Ljouwerter is fan de camping setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)