Driging mei fjoerwapen

20 feb 2011 - 14:14
  • De Weaze yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

De plysje hat sneintemoarn betiid in man (33) út Ljouwert oanhâlden om't er earder op de jûn twa famkes drige hie mei in fjoerwapen. De famkes wiene tegearre mei de man yn in taksy fan Hurdegaryp nei Ljouwert riden.

By it útstappen op 'e Weaze sei de man dat de famkes mei moasten nei in kafee en dat er in fjoerwapen by him hie. Om fan him ôf te wêzen joegen de famkes de fertochte jild en rûnen fuort. De man is pakt op it Reigersplein. Hy hie gjin fjoerwapen by him, sa die bliken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)