Dridze op 'e nij brûke

16 jul 2003 - 00:00

Recycling fan bagger op itselde plak dêr't it út it wetter helle is. Dat is neffens de provinsje de oplossing foar de djoere ôffier fan dridze. In proefprojekt op 'e Fluessen wie sa suksesfol dat it projekt in ferfolch krijt op oare plakken yn de provinsje.

Op de Fluessen waard de bagger it ôfrûne healjier brûkt foar it opheegjen fan natuereilantsjes. In goedkeape oplossing dêr't ek It Fryske Gea goed oer te sprekken is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)