Drenth Lines nei Drachten

03 nov 2005 - 16:22

Transport- en distribúsjebedriuw Drenth Lines ferhuzet fan Grinslân nei it nije bedriuweterrein A7-Noard by Drachten. By it bedriuw wurkje 50 minsken. Drenth Lines bout in grutte opslachhal.

Der kommen noch fjouwer oare nije bedriuwen op it terrein A7-Noard. Boargemaster Van_der_Zwaag fan Smellingerlân hat dy nammen ek bekendmakke. Ien fan dy bedriuwen is Kiestra_Lab_Automation, dat no noch oan ´e Dukdalf yn Drachten sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)