Drege winst Harkemase Boys

12 okt 2013 - 17:00
  • Harkemase Boys yn it nije útshirt

Harkemase Boys hat de soere smaak fan it pynlike ferlies ferline wike fuortspield troch mei 3-2 te winnen fan Apeldoorn. Op sportpark Orderbos sette Klaas Schotanus de Harkiten nei acht minuten op foarsprong. De 2-0 fan Johnsen Bacuna krekt foar it skoft waard ôfkard fanwege bûtenspul.

Fuort nei rêst wie it rekke foar de thúsploech. Oanfaller Arton Musliu sette de Boys opnij op foarsprong, mar efkes letter stie de lykmakker op it boerd. Krekt foar de ein sleepte Gersinio Constansia dochs de swierbefochten trije punten binnen.

De ploech fan trainer Willem Brouwer stiet mei 12 punten út 6 wedstriden op it 4e plak yn de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)