Drege winst follyfroulju Snits

26 feb 2014 - 21:42
  • De follybalfroulju fan Snits (argyffoto)

De follybalfroulju fan Snits binne de neikompetysje mei in meagere 3-2 winst úteinset yn Almelo tsjin Eurosped. Snits, ôfrûne snein noch winner fan de lanlike follybalbeker, begûn goed oan de wedstriid. De earste twa sets waarden mei 25-20 en 25-13 wûn. Dêrnei krige de thúsploech, ferliezend heale finalist yn de beker tsjin Peelpush, de guit te pakken en Snits krige sân yn de masine. It waard 25-19 en 27-25 foar Eurosped en sadwaande 2-2 yn sets. De spannende fiifde set gong mei 15-13 nei de froulju fan Petra Groenland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)