Drege winst follybalfroulju

13 okt 2013 - 14:35

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn mei muoite de earste wedstriid fan it seizoen wûn. Yn Papendal waard it Talentteam Papendal/Arnhem mei 3-2 ferslein. De Snitser froulju begûnen goed oan de wedstriid en pakten de earste set mei 25-17. Dêrnei wienen de rollen omdraaid en naam it talinteteam de lieding oer mei 25-19 en 25-21. De Snitser froulju herstelden har goed en pakten de fjirde set (25-17). Yn de beslissende set wienen de froulju fan Petra Groenland de bêsten (15-11) en pakten se de earste 2 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)