Drege winst follybal Snits

04 okt 2014 - 21:54
  • De follybalfroulju fan Snits

De follybalsters fan Snits ha de earste kompetysjewedstriid mei 3-2 wûn fan Eurosped, de ploech út Twente. De Snitser froulju, ferline wike noch winner fan de Supercup, hiene it yn de Snitser sporthal net maklik. De earste set waard mei 25-23 wûn. De twadde gong mei 25-20 nei Eurosped, de tredde mei deselde sifers nei Snits. Nei wer 25-20 foar Eurosped, moast de fiifde set de beslissing bringe.

Dy gie mei 15-9 nei de thúsploech fan trainster Petra Groenland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)