Drege winst Aris yn Amsterdam

16 des 2012 - 20:50
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris kamen yn en tsjin Amsterdam mei de hakken oer de sleat. De Ljouwerters wûnen mei 84-80 fan Apollo, de nûmer foarlêst yn de basketbal league. Aris, sûnder Valentijn Lietmeijer en Tjoe de Paula, hie healwei in foarsprong fan trije punten. Foar it lêste kwart stie Amsterdam twa punten foar. David Michaels wie mei 19 punten de tûkste Aris spiler. Aris hat no acht kear wûn en sân kear ferlern. Dêrmei is de ploech fan coach Erik Braal de nûmer fiif, mei likefolle punten as Zwolle en Den Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)