Drege tiid foar Fryske soarchbuorkerijen troch nije regels

02 okt 2015 - 13:53

De soarchbuorkerijen yn Fryslân hawwe it dreech. Troch nije regels by de oerheid, it giet dan om de WMO, krije se harren jild te let en dêrtroch kinne se harren eigen rekkens net betelje. De burokrasy is ek bot tanaam. Foar elke kliïnt moatte de meiwurkers in soad papieren ynfolje.

De burokrasy hat konsekwinsjes foar de kliïnten. Troch de administrative taken kinne de meiwurkers minder omtinken jaan oan de minsken dy't soarch nedich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)