Drege tiden rekreaasjesektor

02 jul 2013 - 12:58

Fryske rekreaasje-ûndernimmers ha lêst fan de kâlde maitiid. Trochdat it noch hieltyd net echt simmer is, bliuwe de toeristen fuort fan de campings en de fakânsjeparken. Undernimmers fernimme dat de ynkomsten dêrtroch werom rinne. Dêrneist jouwe minsken minder jild út oan in fakânsje fanwege de krisis. Guon ûndernimmers hawwe de grutste muoite om de holle boppe wetter te hâlden. Fryske rekreaasje-ûndernimmers krije it drok as der in moaie simmer komt. Dan bliuwe in soad minsken yn eigen lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)