Drege tiden foar Kiehool

20 jan 2014 - 10:46
  • De houtklup yn Kiehool

Buerthûs Kiehool yn Burgum moat mooglik slute mei yngong fan 1 febrewaris. De gemeentlike wolwêzensorganisaasje Kearn wol dat de beropskrêft yn in oare regio oan it wurk giet. Dy beropskrêft, Kees Koudstaal, wurket al mear as tritich jier by Kiehool en dat fynt Kearn net winsklik. Boppedat giet de behearder in pear moanne fuort fanwege in operaasje.

It bestjoer fan Kiehool is no in aksje begûn om Koudstaal yn Kiehool te hâlden, om sa sluting fan it sintrum foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)