Drege tiden foar hospices, mar se wegerje net ien

24 jan 2016 - 16:56
  • It hospice Marcelis Goverts yn Ljouwert

It tal minsken dat yn de lêste libbensfaze gebrûk makket fan in hospice nimt ôf. De hospices hawwe it dêrtroch finansjeel dreech. De fergoeding dy't jûn wurdt is ek lang net kostedekkend. Yn it Julia Jan Wouters Hospice op It Hearrenfean fernimme se dat ek. Der binne goede ôfspraken mei de thússoarchorganisaasje, mar as der in skoft net ien is, komt der ek gjin subsydzje binnen.

It soe moai wêze as minsken makliker fanút in ferpleechhûssituaasje nei in hopice gean soene. Dat mei wol, mar bart yn de praktyk net.

Thús stjerre

Lineke Kleefstra fan it hospice Marcelis Goverts yn Ljouwert fynt dat logysk. Se tinkt dat minsken it leafste stjerre yn de fertroude omjouwing. Kleefstra fynt de hospices fan grut belang mar sjocht wol dat der hieltyd minder minsken gebrûk fan meitsje. Finansjeel slagget it har goed de finânsjes rûn te krijen. De besettingsgraad yn Ljouwert is heech. Ek bin der goede kontakten mei soarchfersekerder De Friesland. Dy helpt minsken dy't graach har lêste dagen yn in hospice trochbringe wolle goed.

Finansjele problemen

Lanlik sjoen ha guon hospices finansjele problemen. Om't de budzjetten op binne slagget it somtiden net pasjinten op te nimmen. Ingrid Geling fan it Julia Jan Wouters Hospice seit dat soks hjir net gau barre sil: "Der is altyd wol in potsje te finen. Wy wegerje net ien." Dat jildt ek foar Palet yn Ljouwert. Mochten minsken dêr de eigen bijdrage net betelje kinne dan wurdt in berop dien op de gemeente Ljouwert. "Dy hat dan dêr ek in potsje foar. Sa kin eltsenien goed holpen wurde," seit Lineke Kleefstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)