Drege tiden foar boeren

03 aug 2004 - 15:34

It tal melkfeebedriuwen sil de kommende tiid noch hurder ôfnimme, no't de WTO de lânbousubsydzjes ôfskaffe wol. Dat seit Van Weperen fan de LTO. De EU en Amearika ha ôfpraat om op termyn alle subsydzjes foar boeren ôf te skaffen.

Melkfeehâlders wurde dan ôfhinkliker fan de wrâldmerk. De priis fan molke sakket ek fierder. Neffens Van Weperen wurdt it dreger foar boeren om de holle boppe wetter te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)