Drege start Friezen Dakarrace

03 jan 2011 - 21:05
  • Booij en Round yn Buenos Aires

Henk Booij en Paul Round fan Wolvegea hawwe in drege start hân yn de Dakarrace. It havenpersoniel hie it elektryske systeem fan de auto fernield troch te starten mei te folle folts. Dat levere fuort in grutte achterstân op. Yn de earste etappe op snein gie de dynamo stikken. Mar moandei gie it dat it slydjage en rukten de Wolvegeasters op fan in 133e nei in 93e plak.

Start en finish fan de Dakarrace is yn Buenos Aires yn Argentinië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)