Drege oerwinning SC Cambuur

30 sep 2011 - 22:42

SC Cambuur hat de thúswedstriid tsjin FC Emmen mei 2-1 wûn. De oerwinning moast lykwols foar de helsdoarren weikomme. Cambuur kaam yn de 41e minút op efterstân troch in goal fan Wolters.

De Ljouwerters spilen in strieminne wedstriid. Twa penalty's besoargen de Ljouwerters lykwols dochs de trije punten. Erik Bakker skeat twa kear rekke fan de penaltystip ôf. Leon Hese krige yn de slotfaze noch in reade kaart. Cambuur is no fyfde mei 14 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)