Drege earste etappe sinneboaten

27 jun 2006 - 14:50

Te min sinljocht soarge moandei foar in soad útfallers by de earste etappe fan de Frisian Nuon Solar Challenge fan Ljouwert nei Snits. Fan de 27 dielnimmers kamen der acht net oer de finish, fral omdat der net genôch ljocht wie om de sinnepanelen op te laden.

It team fan de TU Delft hie de minste tiid nedich om yn Snits te kommen: twa oeren en tsien minuten. Tiisdei is de twadde etappe fan Snits nei Starum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)