Dreech jier foar Koopmans

20 maaie 2011 - 10:46

Koopmans Meelfabrieken hat in dreech jier hân. Se makken yn 2010 wol in heal miljoen euro winst, wylst it konsern in jier earder noch mei ferlies draaide. It bedriuw hat te krijen mei weromrinnende marzjes om't der tefolle produsearre wurdt en de grûnstoffen bot djoerder binne.

De ferwachting is dat dat de kommende jierren noch net better wurde sil. Dochs hat Koopmans Meelfabrieken fertrouwen yn de takomst en ferwachtet yn 2011 in lytse groei te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)