Dreech jier foar brune float

06 apr 2013 - 13:25
  • Brune float op Eastsee ûnwis

It wurdt in dreech jier foar de brune float. Dat tinkt bestjoerslid Tom Hamer fan de Vereniging Bruine Zeilvaart Harlingen. Sneon is yn Harns it farseizoen iepene. Mar bedriuwen en famyljes lieten it troch de ekonomyske krisis manmachtich ôfwitte. De krisis en de hieltyd hegere kosten fan bygelyks lisjild en toeristebelesting soargje foar drege tiden. In soad skippers besunigje op it ûnderhâld.

Bestjoerslid Hamer hat wol positive ferwachtings. Sa wolle hieltyd mear Dútsers graach meifarre op de sylskippen fan de brune float.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)