Dreech begjin FrieslandCampina

28 aug 2014 - 10:25
  • FrieslandCampina

FrieslandCampina hat in dreech earste healjier hân. Netto waard sa'n 60 miljoen euro minder fertsjinne as ferline jier. De winstdaling hat te krijen mei in sterke euro, de hege molkpriis en minder geunstige merkomstannichheden yn Europa, Yndonezië en Fjetnam.

Troch hegere ferkeapprizen en de groeiende merk foar babypoeier naam de omset wol ta. FrieslandCampina ferwachtet dat it oanbod fan molke yn de wrâld yn de rin fan it jier fierder tanimt. Hoe't it mei de fraach komt, is ûnwis. In foarsizzing foar hiel 2014 kin dêrom net dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)