'Dreamen' is it tema fan Caravana 2016

21 jan 2016 - 08:52
  • In oersjoch fan de Caravana 2014
  • Projektmanager Femke Beekink en eksposant Michel Verhoeven

De 56e edysje fan kampearbeurs Caravana stiet dit jier yn it teken fan dreamen. Tongersdeitemoarn set de beurs útein yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Under de namme 'Droom verder' besiket de beurs de besikers dreame te litten oer harren fakânsje.

Fierder set Caravana ek yn op de trend dat minsken hieltyd lúkser op fakânsje wolle, it saneamde 'glamping'. De Caravana stiet oant en mei kommende tiisdei yn it WTC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)