Dream komt út: Henk van Dijk syn libbensferhaal yn in boek

24 feb 2016 - 16:21

By Timpaan yn Wolvegea wurdt woansdei in boek presintearre mei it libbensferhaal fan Henk van Dijk. Van Dijk (69) wennet sûnt ein 2013 selsstannich yn Wolvegea, mar hat dêrfoar 55 jier lang yn ferskate ynstellings wenne.

As poppe fan njoggen moanne wie er mei de bernestoel efteroer fallen en dêrby hat er in hendikep oprûn. Doe't er acht jier wie, waard er nei in ynstelling brocht, omdat er ek epilepsy krige. Van Dijk woe syn ferhaal hiel graach yn boekfoarm útbringe, mar yn earste ynstânsje wie dêr gjin jild foar.

Crowdfunding

Mei in crowdfundingsaksje is lykwols 2.000 euro ophelle. It earste eksimplaar fan it boek 'Van Boeijen los' wurdt oanbean oan boargemaster Van Klaveren. Van Dijk beskriuwt positive, mar ek negative ûnderfiningen yn de ynstellingen dêr't er wenne hat.

Hy hopet dat it boek ek brûkt wurdt op MBO-skoallen. Studinten soene sa leare kinne, wat it betsjut om yn in ynstelling te wenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)