'In dream dy't útkomt'

23 sep 2011 - 02:02
  • Foto: Omrop Fryslân

Krekt as hiene se de beker al wûn, sa reagearren de spilers fan Harkemase Boys nei de lotting foar de tredde ronde fan de lanlike beker. Harkemase Boys moat it opnimme tsjin Sportklup Hearrenfean, blykt út de lotting.

Foar Jorrit Schra, dy't supporter is fan Hearrenfean, fielt it 'as in dream dy't útkomt.' Oanfaller René van der Wey wol it as Ljouwerter graach opnimme tsjin Hearrenfean, wylst keeper Jacob de Vries tolve jier útkaam foar Hearrenfean en no weromkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)