Dravers helje befrijingsfjoer

05 maaie 2010 - 08:15
  • It befrijingsfjoer fan Wageningen

Fryske hurdrinners binne woansdeitemoarn betiid ûnderweis gien om it befrijingsfjoer fan Wageningen nei Fryslân te bringen. Om tolve oere woansdeitemoarn is dat befrijingsfjoer yn Wageningen oanstutsen foar de fiering fan de 65ste befrijingsdei.

De hurdrinners hawwe fakkels by har dy't mei dat fjoer oanmakke binne. Se drave om beurten in ein. Dravers út Grou, Snits en Ljouwert binne ûnderweis. Oan it begjin fan de middei wurde sy yn harren wenplak ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)