Draverijen en gala yn Wolvegea lûke mear as tûzen besikers

05 feb 2016 - 21:22
  • Draafbaan Victoria Park yn Wolvegea

De draverijen op it Victoria Park yn Wolvegea binne noch altyd in sukses. Wylst we dat hjir yn Fryslân sels mar kwealik troch ha, bin der tal fan draverijen, dy't yn Frankryk live útstjoerd wurde en in soad sjoggers en gokkers lûke.

De kontrakten mei Frankryk rinne yn alle gefallen ek yn 2017 noch troch. Freed wie ien fan de jierlikse hichtepunten foar de baan mei premium-draverijen en it saneamde 'Drafsportgala'. Op it evenemint kamen mear as tûzen besikers ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)