Draver Derek offisjeel kocht

11 okt 2011 - 16:12

It draafhynder Derek Buitenzorg is sûnt tiisdei offisjeel yn it besit fan in tal leden fan de sportredaksje by Omrop Fryslân. Derek, út it laach fan it romrofte hynder Henry Buitenzorg, soe eins nei de slachterij. Dat gie de redaksje te fier foar sa'n goed en sûn draafhynder en dêrom ha se him kocht. Troch de malêze yn de drafsport binne hynders hast neat mear wurdich.

Derek is no ûnderbrocht yn de stâlen fan Eelke Kruis yn Terbant. Dêr sil er fersoarge en traind wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)