Drave op Noardpoal tsjin ALS

22 feb 2014 - 10:48

De 61-jierrige Anneke Wester út Spannum sil as earste persoan út Fryslân de Noardpoalmaraton drave. De Noarpoalmaraton is in tocht fan 42 km dy't, sa't de namme al seit, op de noardpoal draaft wurdt.

Wester seit dat de maraton tige dreech wurde kin, omdat de tempratuer wol 40 graden ûnder nul wêze kin. Boppedat is it ek dreech om yn 'e snie te draven. Wester traint op it heden dêrom yn in wiete greide, om sa alfêst te wennen oan in sêfte ûndergrûn.

De bedoeling is dat mei dizze aksje 5000 euro ophelle wurdt foar de stifting ALS. ALS is in slimme spiersykte. De Noardpoalmaraton stiet pland op 9 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)