Drave by iepening rûnwei Snits

18 mrt 2003 - 00:00

Politisy út Den Haach wurde útnoege om de iepening fan de rûnwei om Snits hinne op 17 maaie by te wenjen. Der is mear as tritich jier oan wurke. It Snitser kolleezje wol de lanlike politisy derby ha om omtinken te freegjen foar de oanlis fan in ferbiningsdyk mei de A7. De politisy kinne meidwaan oan in draafwedstriid.

Der is ek feest yn it Snitser sintrum. In toufabryk leit in tou fan 10.000 meter om de rûnwei hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)