Drankriders op de bon

17 sep 2011 - 15:03

De plysje hat sneon op trije plakken yn de provinsje minsken betrape op it riden mei tefolle drank op. Op de Trekwei yn Kollum waard in 53-jierrige automobilist út Dokkum trapearre. De man hie gjin rydbewiis en fersette him by syn oanhâlding, dêrby sloech er ek in plysje. Yn it Troelstrapark yn Ljouwert waard in 44-jierrige Belch trapearre mei tefolle drank op.

Yn de Harlingerstraat yn Boalsert gie freedtenacht in 38-jierrige Snitser mei in bromscooter yn oertreding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)