Drankriders oer it mad kaam

16 okt 2010 - 14:16

Trije minsken moasten freedtenacht it rydbewiis by de plysje ôfjaan fanwege dronken riden. In 64-jierrige bestjoerder út Jistrum ried op de Koaiwei yn in bocht rjochtút en botste tsjin in beam. De man rûkte nei drank, sa konkludearre de plysje.

Fierders waard in 28-jierrige bestjoerder út Hallum op de Seedyk by Blije oanhâlden foar riden mei in slok op. Yn Ljouwert waard in 52-jierrige automobilist yn 'e J.H. Knoopstrjitte pakt mei in slok te folle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)