Drankriders oanhâlden yn Ljouwert by plysjekontrôle

03 apr 2016 - 08:23
  • Alkoholkontrôle

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert ferskate drankriders oanhâlden nei in alkoholkontrôle. Sa waarden fjouwer snorfytsers betrape troch de plysje, trije fan har wienen net yn it besit fan in rydbewiis. 

Ek trije automobilisten hienen tefolle drank op. Ien fan de bestjoerders wegere mei te wurkjen oan in blaastest en mishannele in meiwurker, sy is oanmeld foar in kursus en wurdt snein troch de plysje heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)