Drankriders oan de kant set

13 des 2011 - 10:18
  • bier

De plysje hat moandei twa âldere drankriders fan de dyk helle. In 68-jierrige Harnzer ried yn de Rommelhaven tsjin it ferkear yn. Op it Noardiis waard de man oan de kant set. Hy hie tefolle drank op en hie gjin rydbewiis mear. De man krige dêrneist in bekeuring om't er gjin riem om hie.

In 59-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemoarn betiid op it Súdfliet oanhâlden. De snorfytser hie ek tefolle drank op. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)