Drankriders Lemmer beboete

14 apr 2007 - 13:20

By in plysjekontrôle op 'e Lemmer binne freedtenacht njoggen automobilisten op 'e bon slingere. Se hienen tefolle dronken. By dy njoggen sieten twa bestjoerders dy't noch mar krekt in rydbewiis hienen. Mei elkoar waarden 239 automobilisten kontrolearre. Dat waard op meardere plakken op 'e Lemmer dien.

De plysje hat by ien autobestjoerder in bloedproef dien. Hy ried yn syn auto wylst er in joint smookte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)