Drankriders beboete

05 aug 2006 - 15:16

Fjouwer autobestjoerders dy't op de weromreis wiene fan it Roggefeest op Amelân, binne tsjin de lamp rûn by in alkoholkontrôle op de pier fan Holwert. De plysje hâlde de alkoholkontrôle sneontemoarn ûnder alle autobestjoerders dy't fan de boat kamen. De fjouwer hawwe in bon krigen.

De plysje hat fierder it rydbewys ynnommen fan in man (31) út de gemeente Mearum, dy't net rjocht op de Wâldwei ride koe fanwege de drank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)