Drankrider yn Snits oppakt

10 jul 2015 - 11:39
  • Alkoholkontrôle

De plysje yn Snits hat fannacht in 49-jierrige drankrider fan De Jouwer oanhâlden. De plysjes setten de man op de Klokmakkerij oan de kant en al gau die bliken dat de man mei drank op achter it stjoer siet. Doe't de plysjes him meinimme woene nei it buro, fersette de man him en misledige hy de plysjes. Hy wegere yn it buro mei te wurkjen oan in blaastest. Syn rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)