Drankrider Wolvegea oanhâlden

23 nov 2009 - 09:53

De plysje hat sneintejûn yn Wolvegea op de Tsjerkstrjitte in 49-jierrige automobilist út dat plak en in 42-jierrige frou, dy't ek yn de auto siet, oanhâlden. De bestjoerder hie tefolle dronken en moast mei nei it plysjeburo.

De frou wie it dêr net mei iens en besocht in plysjeman te skoppen. De frou is dêrop ek oanhâlden. Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)