Drankrider út de bocht

27 jan 2014 - 10:47
  • Plysjesel

De plysje hat sneintejûn op de Lauwers yn Drachten twa manlju oanhâlden en har auto yn beslach nommen. De plysje trof dêr in auto oan dy't út de bocht flein wie en fêst siet yn de berm. Achter it stjoer siet in Burgumer (23), mar dy ûntkende dat er riden hie. Neffens him wie dat syn maat (28) út Drachten. Dy ûntkende dat lykwols ek. Beide manlju rûkten nei drank.

De Burgumer hie gjin jildich rydbewiis en wie al earder pakt foar it riden mei drank op. Dêrom waard syn auto yn beslach naam, dy wie net fersekere. Beide manlju binne ynsletten.

Op it buro wegere de Burgumer mei te wurkjen oan azemanalyze of in bloedproef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)