Drankrider twaris trappearre

23 jun 2010 - 10:22

In 41-jierrige man fan It Hearrenfean is tiisdeitenacht oant twa kear ta oanhâlden om't er yn syn auto ried wylst dat net mocht. De man hie alkohol hân.

De plysje hâlde him op de A7 oan en joech him in rydferbod fan tolve oeren. Efkes letter seagen de plysjes him gewoan fierder riden. Hy waard op'e nij oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr is syn rydbewiis ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)