Drankrider twa kear oanhâlden

05 feb 2011 - 15:00

De plysje hat freedtenacht yn Snits twa kear achter inoar deselde dronken autobestjoerder oanhâlden. Om healwei trijen waard de 46-jierrige man út Twellingea betrape mei sa'n heech alkoholpromillaazje, dat syn rydbewiis ynnommen waard en er syn auto stean litte moast.

Twa oeren letter seagen plysjes de man wer slingerjend oer de dyk riden. Diskear moast er mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)