Drankrider sûnder rydbewiis, auto yn beslach naam

19 sep 2015 - 11:28
  • Alkoholkontrôle

De plysje yn Ljouwert hat freedtenacht in 38-jierrige drankrider oanhâlden. De Ljouwerter waard op de Oosterkade steande hâlden.

De man hie ek gjin rydbewiis by him. Dat wie earder ynnaam foar itselde fergryp. Dêrom is syn auto yn beslach naam. Der is ek proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)