Drankrider rydt op peal

04 okt 2011 - 10:04

Yn Drachten is moandeitejûn in 19-jierrige autobestjoerder oanhâlden omdat hy op de Reidingwei tsjin in peal botst wie. In tsjûge hie it ûngemak sjoen en de plysje warskôge.

De plysje seach de auto letter riden op de Boargemaster Wuitewei. De bestjoerder waard foar in azemkontrôle meinommen nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de man tefolle alkohol yn it liif hie. Ek wie hy yn it besit fan harddrugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)