Drankrider rydt op betonblok

08 maaie 2011 - 15:20

In 24-jierrige man fan Burdaard is sneintemoarn betiid oanhâlden troch de plysje omdat hy tefolle dronken hie om noch mei in auto ûnderweis te wêzen. Dat hy de auto net stean litten hie, wie wol dúdlik. Hy wie op de Hikkaarderdyk yn syn wenplak op in betonblok riden wêrtroch de oalje út it carter rûn.

De man moast mei nei it plysjeburo, dêr't dúdlik waard dat hy tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)