Drankrider is rydbewiis kwyt

19 feb 2012 - 14:00

In bestjoerder (19) út Wânswert is sneontenacht syn rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen dat er mei syn 45-kilometerwein by de diskoteek yn Noardburgum fuortried. De bestjoerder krige in stopteken om't tocht waard dat er dronken hie. Nei it blazen die bliken dat dat ek sa wie. It CBR docht ûndersyk nei de rydfeardichheid fan de Wânswerter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)