Drankrider pakt kaai fan freon en rydt mei auto in tún yn

15 jan 2016 - 07:24

In 35-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht mei in auto in tún ynriden oan de Dirk Zeperwei yn Ljouwert. De auto wie fan in freon fan de bestjoerder. Neffens de eigener hie er gjin tastemming jûn om de auto te brûken. Hy sei dat er lei te sliepen en dat syn autokaai op tafel lei. Syn freon soe dy pakt ha om dêrnei yn syn auto fuort te riden.

Hy kaam net fier. Yn deselde strjitte al ried er in tún yn. De plysje hat de bestjoerder oanhâlden. Hy hie dronken. Syn rydbewiis is yn beslach naam. In berger hat de auto út de tún helle en fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)