Drankrider oppakt yn Frjentsjer

08 okt 2006 - 16:23

In 52-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is sneontejûn de macht oer it stjoer kwytrekke. Hy kaam mei syn auto fanút it sintrum fan Frjentsjer en woe linkôf de Boargemaster Dijkstrawei opride. Foar de rotonde kaam er lykwols yn de bjirm telâne.

Dêrnei ried er oer de linkerside fan de ferkearsheuvel, hy ried de ferkearsgelieder om en kaam ta stilstân tsjin in lantearnpeal. It die bliken dat de man tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)