Drankrider oanholden op A7

12 sep 2009 - 15:27

In 34-jierrige drankrider út Drachten is freed op de A7 by Mearum oanhâlden. De man wie by in tankstation in lekke bân oan it ferwikseljen. Hy ferklearre dat er al fan Grins ôf mei de lekke bân ried.

De plysje fûn dat de man him nuver gedroech en frege him in alkoholtest te dwaan. Dêrút die bliken dat er te folle alkohol dronken hie. De man moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)