Drankrider naait út

08 feb 2014 - 12:18

In 47-jierrige man fan De Westereen is freedtejûn útnaaid by in plysjekontrôle op de Bjirkewei yn Twizelerheide. De man is yn in wenwyk yn Twizelerheide achterhelle. Ut ûndersyk die bliken dat de man tefolle dronken hie.

Op syn flecht ried de fertochte noch hast in oare automobilist oan. Dy hie syn auto dwers op 'e dyk setten om de Westerener tsjin te hâlden, mar dat slagge net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)