Drankrider hat ek wapen

16 feb 2009 - 09:58

In Drachtster (45) is sneintejûn troch de plysje oanhâlden omdat er mei drank op achter it stjoer siet. Boppedat hie er in fjoerwapen by him.

Surveillearjende plysje seach de man oer De Stâl riden. Oan hoe't er ried, mienden se te sjen dat er drank op hie. Nei in blaastest waard er nei it plysjeburo brocht. Dêr die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie. Hy krige in rydferbod. Doe't de plysje him fûillearre, waard it fjoerwapen fûn. It wapen is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)