Drankrider feroarsaket ûngelok op de A7 by Aldehaske

07 des 2015 - 07:18
  • De brânstoftank fan de frachtwein rekke lek

In 32-jierrige drankrider út Snits is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke nei't hy op de A7 by Aldehaske in ûngelok feroarsake hie. De man ried tsjin in frachtwein oan. Dêrtroch rekke de brânstoftank fan de frachtwein lek. De brânwacht hat de tank leechhelle.

Der rekke nimmen ferwûne. Ferkear moast tydlik omride fia de paralleldyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)