Drankrider en hurdrider

01 mrt 2011 - 10:31

De plysje hat moandeitenacht by Wolvegea it rydbewiis ynnaam fan in 31-jierrige automobilist út Appingedam. De man waard oant twa kear ta snipt mei tefolle drank op. De twadde kear wie neidat er in rydferbod krigen hie.

In 50-jierrige ynwenner fan Bergschenhoek yn Súd-Hollân moast it rydbewiis ek ynleverje. De man ried op de Ofslútdyk 125 op in plak dêr't 70 tastien is. De plysje seach dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)